| |
 |
8 febrewary om 13:07 |
| |
De tocht de taal

Ljouwert- Ofrûne freed 2 febrewaris fersoarge de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga de poëtyske iepening fan it Lân fan Taal-gebou 'OBE' op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.
DE TOCHT DE TAAL ‘De OBUS over de stad’ Paul van Ostaijen De stêd betinkt syn wegen, groetet – Obus, obas, – betiid moarntiid noch, syn skimen en passanten.
Ut streken, tekene fan stof en stjerren, strykt mei alle sinnen iepen it ljocht de Foarstreek oer,
sjocht yn de erkers boppe de apoteek hoe’t in frou har de rokken skikt, mei in tillefoan oan it ear
de nachtlampe útknipt en fertrekt, sa’t tiid in weireitsjen is yn in taal dy’t har net sizze lit.
It ljocht, it koekeloert in tel troch it kattelûkje yn ’e doar fan in broer en sjit yn in flits de grêften oer,
dêr’t de skym fan in man, dy’t inkeld yn syn fersen wenje kin, boppe in saak mei stoffen en kleden
in see oan wolkens beëaget, dy’t him de dreamen sjonge fan in eilân, fier foarby de dei syn bedomptens.
De stêd betinkt syn wegen, kloppet op ’e Kelders tsjin finsters en lûken, heart yn it reinen oer By de Put
it lûd fan stjittende treinen, op wei nei in dûnker easten, de weifierde stimmen – hoe’t tirannen
de wurden omklapten ta leagens yn de oere fan in waansin, dêr’t de taal it tinken yn ferlear.
De moarn, in fersopene kat, brekt iepen by it ljocht, dat út de termen fan ’e sinne oer de trije terpen spat,
it ljocht dat – Obus, obas, – triljende as in famke yn it stal fan fisk har it glêzen lyfke driuwe lit
nei in skeaneagjende fjoertoer, mei stimmen dy’t flústerje: o, kumara, kumara, tha maidin, maidin mhaith.
En de stêd sprekt, hâldt (as in terp de tiid) talen en tongen yn it ljocht fan dat wat men is: foarbygonger.
Eeltsje Hettinga
r. 36/37. ‘Tirannen klapten wurden om ta leagens’ is in rigel út it gedicht ‘Wurden’ fan Tiny Mulder., r. 51 - kumara betsjut goemoarn yn it Sranantongo yn Suriname., r. 52 -Maidin mhaith betsjut goemoarn yn it Iersk Gaelic.
|
| |