| |
 |
20 maart om 07:39 |
| |
Tòch wel un bysondere dach fandaach. Jikke Ozinga-van der Horst wurdde 100 jaar leden geboaren in de Hommerts. Sybe Sybesma skreef oait dit fers foar har. Gyn foto's fandaach, de beelden sitte in 'e kòp!
Foar Jikke Ozinga te Snits
Gastfrijens
Der stiet ien stjerre yn’e nacht en hâldt oer al it libben wacht; in bidler kloppet soms oan doarren, hjir wurdt er noege sûnder klacht.
Soms hat men wurden, oer en wer, ’t giet net om jild, mar hjir of dêr wiene der persoanlike dingen, dy’t rane yn’ t ljocht fan dizze stjer!
Tankberens is in frjemd fertoan fan dûns en eachopslach, mar moarn is der wat oars wer oan’ e oarder: in freonehân, wolkom en skoan.
Eigentlik komt it hjirop del: it libben bliuwt kommer en kwel, lykwols is der in protte blidens yn’t wrakseljen; himel of hel? Op ierde moat men jin bewize, it tsjuster falt, de dagen rize en stjitte alle doarren iepen, mar yn’e himel meie minsken gnize…
|
| |