Dagboek jannewary 2017Bekiek hele maand 
 
15 jannewary om 18:59
 
Kultuer yn Grou





Kultuer yn Grou is in ynisjatyf fan Eddy van der Noord, mei stipe fan Stichting Ondersteuning Burgerinitiatieven Grou. Ut plak fan Sint Pieter mei mar wiis wêze mei soksoarte fan boargerinisjatieven. Tegearre mei David Lelieveld/Pier21 kaam ‘Doek!’ al nei Grou en sil ‘Koning van het grasland’/’Kening fan de Greide’ noch komme, op 1,2 en 3 juny. Ek Tet Rozendal mei har solofoarstelling ‘Nachtvlinder’ kaam del yn Hotel Oostergo yn Grou. En mei stipe fan Marianne de Rijke is Arthur Japin op sneon 18 maart te bewûnderjen yn de Sint Piter Tsjerke.

Hjoed mocht ik fan 11.00 – 13.00 oere yn in folslein útferkochte sêre fan It Teehûs trije gasten ynterviewe: Rients Gratama, Arjen van der Grijn en Jetze van der Goot. Yn it bûnte selskip fertelde de mannen oer har rike libben.

Jetze van der Goot( 1936) hat in protte ferskate funksjes yn syn libben hân. Earst yn it ûnderwiis en letter as direkteur fan de Marrekekrite (‘hé dyn namme stiet yn de krante, yn in adfertinzje fan de Marrekrite ‘Jetze van der Goot frege…’). Jetze van der Goot wie ek in man fan ‘neven baantsjes’: foarsitter fan Pleatslik Belang, foarsitter Yn ’e Lyte, FNP-riedslid fan de eardere gemeente Ydaarderadiel, foarsitter fan KWV Frisia, lid Keninklike sylferiening Oostergoo, 27 jier foarsitter fan de sjury fan de SKS (‘ik soe it foar in jier dwaan’) en 30 jier lid fan ‘Swette-De Burd’.





Arjen van der Grijn (1950) is as grimeur fan ûnder mear Van Kooten & De Bie bekend wurden. Ek ek de mannen fan Jiskefet sieten bij him yn ’e grimeurstoel. Fierder wurke hij mei oan Het Klokhuis, films fan Steven de Jong en Tryater. Hij wie noch mar 17 jier (‘ik wist niet eens dat het beroep bestond’) doe’t er as learling-grimeur yn Amsterdam begûn. Hij wennet no al wer 16 jier yn Fryslân, de lêste 10 jier yn Grou. Oait siet Toon Hermans bij him yn’e stoel en ‘it lapke’ fan David Bowie kaam út it beroemde kofferke fan Arjen van der Grijn.





Rients Gratama (1932) waard troch Eddy oankundige ( op rym, krekt as bij de oare twa gasten ) as miskyn wol de produktyfste kulturele Fries. Gratama is tekstskriuwer ( ‘hjoed de dei neame se soks in songer/songwriter’), kabaratier, akteur en sjonger. Oait sette syn ymposante karrière útein bij it Selskip Tetman & Jarich de Vries. Wim Sonneveld ( ‘hij kaam spesjaal foar mij nei de merke fan Raerd en siet dêr yn’e sweef’) seach ek it grutte talint fan Rients. Hij stie op’e planken mei Jasperine de Jong en Gerard Cox, hie in rol yn Dankert en Dankert en hie in glânsrol yn King Lear. Noch altyd boeit de maestro foar mear as 100%.





It waard in hiele noflike RUR op syn Frysk, en it sil hjoed fêst net foar de lêste kear west hawwe, sa liet Eddy van der Noord him nei ôfrin út.

Foto's Janneke van der Veer en Geke Hoekema