| |
 |
14 oktoober om 09:47 |
| |
Fideopoëzyprojekt ‘It Font’
yn Museum Belvédère en Fries Museum

It wetter, de noardlike kust en de see binne de reade tried yn It Font, it meartalige fideopoëzyprojekt fan skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp.
Harren wurk is fanôf hjoed, 14 oktober, te sjen yn Museum Belvédère yn Oranjewâld. Ek it Fries Museum yn Ljouwert toant wurk út It Font, sij it mei oare 'films' as yn Museum Belvédère.
Yn It Font, in inisjatyf fan Eeltsje Hettinga, is poëzy op ynterdissiplinêre manier foarmjûn. Net earder waard Frysktalige poëzy op dizze manier yn musea presintearre. It fideopoëzijprojekt fan beide keunstners giet ein oktober mei nei de Frankfurter Buchmesse. De Australyske auteur en oersetter David Colmer tekene foar de Ingelske oersettingen. • It Font - Museum Belvédère – 14 okt. t/m 18 des. • It Font - Fries Museum – 7 okt. t/m 30 okt.
|
| |