| |
 |
4 september om 17:15 |
| |
Blik op'e literatuur (4)

Neiskrift yn brieven fan Marga Claus & Aggie van der Meer
Fannemoarn útein setten mei it lezen fan ‘Neiskrift’, it kadoboek dat skreaun is yn opdracht fan Tresoar ta gelegenheid fan ‘Swalk Frysk op toernee 2016’’. Marga Claus ( 1955) en Aggie van der Meer (1927) hawwe yn 2011 harren beiden partners ferlern. Se makken doe de ôfspraak om elkoar in jier lang brieven te skriuwen. It idee kaam bij Marga wei en Aggie fielde der ek foar.
Fannemiddei hie ik de twa kear 15 brieven en de twa epistels út desimber 2015 al útlêzen. Dat seit fansels wat oer de brieven, dat it beide skriuwsters blykber slagge is om mij yn’e besnijing te krijen fan wat sij skreaun hawwe.
Wie it myn nijsgjirrigens? Of wiene de brieven nijsgjirrich genôch om se yn ien siken út te lezen? Ik tinke beide. It balansearjen tusken te privé en persoanlik spilet mei yn myn oardiel of ik dit boekje, 106 siden, goed fyn of goedkeap. At it te privé wêze soe, te partikulyr, dan soe ik in net noflik gefoel krige ha wylts ik oan it lêzen wie. Yn de lêste brief fan Marga stiet dat ‘dizze brieven’ yn bewurke foarm in plak yn it kadoboek krige ha. Dat makket mij wol wer nijsgjirrich nei wat der yn de brieven bewurke is.
Dizze brieven litte sjen hoe’t beide froulju mei rou en ferlies, freonskip en leafde, gemis en ferwûndering omgean. Ek skriuwe se oer religy en literatuur. Beide dogge dat op heldere en dúdlike wize, hjir binne twa betûfte skriuwsters oan it wurk west, dy’t mekoar wat te sizzen ha.
Dy’t dizze lêzer ek wat te sizzen ha. Oer hoe’t it dus wêze kin wannear’t de aldernijste der net mear wêze sil. Dat dogge beide skriuwsters earlik en oprjocht sûnder false sentiminten. It is gjin gûlboek, wol lês ik hoe wreed de dea is yn alle deistige dingen.
Dat it foar beide froulju terapeutys west hat om dizze brieven oan mekoar te skriuwen is dúdlik, dat dizze brievesamling treastryk foar oaren is rjochtfeardigt it útjaan fan dizze bondel. Moai dat der ek noch twa brieven binne dy’t de koartlyn skreaun binne, oars hie de lezer mij de fraach sitten ‘hoe soe it nei fjouwer jier no mei beide froulju’wêze?’
Op it omslach is in postsegel ôfbylde mei de goedkeazen titel ‘Neiskrift’, as in soarte fan postscriptum op de libbens fan de beide ferstoarne partners.
|
| |