Dagboek jannewary 2016Bekiek hele maand 
 
4 jannewary om 12:51
 
Poëzy-jûn yn Kafé Vellinga





SNITS - Yn it ramt fan de Nationale Poëzieweek organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 29 jannewaris in grutte gedichtejûn yn Kafé Vellinga. It is al wer foar de fyfde kear dat dizze jûn yn Snits organisearre wurdt. Elkenien kin oan de jûn meidwaan! Der binne trije mooglikheden:

- Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .
- Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
- Gewoan komme te harkjen.
Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.
Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.
De dichters en foarlêzers krije allegear in no noch geheim presintsje, en, omdat foarlêzen toarstich makket, ien konsumpsje fergees.

De muzyk wurdt fersoarge troch Jankobus Seunnenga.
Wêr? Café Vellinga, Korte Veemarktstraat 11 8601 EV Snits
Wannear? Op 29-01-2016
Hoe let? Tusken 20:00 en 23:00 oere
Yntree fergees