Dagboek july 2005Bekiek hele maand 
 
25 july om 14:39
 
Súterech wear, nòch hieltyd, mar tòch un moaie dach fandaach. Kreech fanmòrren un opfallende mail, mar ik wil ferder over de inhoud nòch niks kwyt. Komt folgende week wel un moaie stunt an... Bliëf dit dachboek dus folgen!
Ik hew krekt un resênsy skreven fan Gryt Witbraad har boek 'Bôle mei fla deroer'. Allienech de titel ferdiënt al un tien met un griffel en òk de inhoud fan dit interviewboek is ut lezen mear as weard. Der wurde hier moaie dingen deen in Fryslaan! Foaruit nòch twee útroeptekens: !!
De ene klus is klaar en de folgende is der al wear. Bouke Oldenhof het de teksten fan ut filmskript fan Bert Haanstra syn Fanfare bewerkt tòt un toneelstuk. Der komme òk nòch al wat dialogen in ut Snekers in foar. Dy dialogen sal ik kritys besiën. 'Nadere mededelingen folge', heet ut dan su moai. Mar òk dit is un moai inisjatyf!

Aansens naar CHEERS, dêr sal Thierry fanmiddach syn nieuwe cd presenteare. Myn foargefoël seit dat ut un gekke namiddach wurde sal. Mòrren un ferslach(je).