Dagboek augustus 2013Bekiek hele maand 
 
13 augustus om 19:06
 
Friesch Dagblad reageart, Liwwarder nyt





Ut Friesch Dagblad reageart op myn blogje fan gister. Sterker nòch Ruurd Walinga stuurt fan syn fakaansy-adres de onderstaande mail, wêrfoar dank. De LC hult in stilswijgen. Mòrren miskyn?

" Bêste Henk,

By it Deiblêd steane prinsipes heech, mar dat it skutsjesylferslach op de regioside stiet en net op de sport hat te krijen mei in pragmatyske reden. De sportsiden binne altyd maklik te foljen.

Ek yn ' e simmer. Under oaren troch it keatsen, fierljeppen en fytsen. Dat is wat oars mei de regio-siden. Dêrom binne wy altyd bliid dat wy it skûtsjesilen op de regio-siden kwyt kinne. Foar de dúdlikens: skûtsjesilen is en bliuwt in (wetter)sportbarren.

Groetnis fan Ruurd Walinga, dit jier 25 jier skûtsjesylferslachjouwer foar it Friesch Dagblad."