Dagboek juny 2013Bekiek hele maand 
 
7 juny om 16:08
 
Op myn stjerbêd wol ik tate ha





Anne Feddema syn nieuwste dichtbundel is út. Allienech de titel al is fan un ongekende skoanheid: Op myn stjerbêd wol ik tate ha

Kranksinnech su moai. Tate is ut Friese woard foar burstfoeding, mar dat wete jum natuurlek wel...

Fan harte Anne met dizze bundel! Dit seit de Liwwarder dichter in ut Frys over syn nieuwste:

" Nei't ik de earste ferzy gearstald hie, waard it my dúdlik dat der wat oan de bondel mankearde. Der moast, binnen de skiften, in strangere opbou komme. Doe haw ik noch in soad nije fersen skreaun. In strange opbou is foar my wichtich, oars komme der miskien gau te folle light verses yn. Je moatte altiten by de les bliuwe."


"De bondel rint aardich op mei myn skilderwurk, dat spilet him ek om it hûs ôf. Krekter sein, yn 'e tún. Hoewol’t de bondel tematysk net in soad ôfwykt fan myn eardere dichtwurk, binne mankelikens, it âlder wurden, it yn it ferfal reitsjen, iensumens en de dea wichtiger. Aldergeloks wol mei de nedige relativearjende humor."
Anne Hendrik Berend Feddema (1961, Ljouwert) is dichter, skriuwer en byldzjend keunstner. Hy wûn yn 2007 de Margaretha de Heerpriis foar syn byldzjende keunst. Yn 2009 wûn hy de prestisjeuze Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel 'Reidhintjse op’e Styx'. Feddema groeide op yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle folge hy twa jier lang, fan 1986 oant 1988, de keunstnersoplieding by Ateliers ’63 yn Haarlim. Syn skilderwurken waarden yn de ôfrûne jierren útstald yn it Frysk Museum, it Grinzer Museum, yn Potsdam en Museum Belvedêre. Hy brocht oant no ta fjouwer dichtbondels út.

Boekgegevens:

Op myn stjerbêd wol ik tate ha, Anne Feddema
Utjouwer: Afûk
ISBN: 978 90 6273 948 6
Siden: 53
Ferkeappriis: € 15,00