| |
 |
12 desember om 18:04 |
| |
Presentatie De Greidhoeke

Op zaterdag 8 december is het boek "De Greidhoeke - Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter" van Philippus Breuker gepresenteerd. Uit de flaptekst:
Dit boek giet oer de Greidhoeke, it klaaigebiet fan greiden, terpen en âlde diken tusken rûchwei Ljouwert, Snits, Boalsert en Frjentsjer. Troch de ieuwen hinne hat it yn in soad opsichten in eigen gesicht krigen, sosjaal, ekonomysk sawol as lânskiplik. It boek bestrykt sa’n tûzen jier, fan likernôch 800 oant 1800, mei gauris in útloop nei ús tiid ta. It is skreaun yn de oertsjûging dat de kombinaasje fan kennis op ûnderskate gebieten liede kin ta nij ynsjoch, net allinnich yn de ferskillende ferskynsels sels, mar ek yn har gearhing yn de tiid. It ferbynt de grutte linen mei de meast konkrete bysûnderheden. Sintraal stiet hieltyd de fraach hoe’t dingen ûntstienen en feroaren. In soad fan earder is noch om ús hinne. Sa jout it boek net allinnich in byld fan wat west hat, mar it sil ek hieltyd wer treffe troch de parallellen mei de eigen tiid, en dat net allinnich foar de Greidhoeke. In register op persoans- en plaknammen en in fikse gearfetting yn it Nederlânsk ûntslute de rike stof.
Ph. H. Breuker wurke by de Fryske Akademy en wie bysûnder, respektivelik gewoan heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam.
Ph. H. Breuker "De Greidhoeke - Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter 480 blz. genaaid gebionden, € 25,00
|
| |