| |
 |
30 mei om 16:04 |
| |
Joop Boomsma

Dlaai is griis novimber, Joop Boomsma. Utjouwerij Venus, 2009.
Fabryksloane
Hjoed bin ik nei de wâlden gong om it doarp te sjen, wèr te sjen: Houtigehage- it doarp fan doe’t ik jong wie.
De fabryksloane rin ik op en del: dêr wenne pake Jehannes mei beppe Hiltsje dy’t de bôle rjochtop tusken har grouwe boarsten sette en my, glimkjend, noait oars as glimkjend, in fikse timpe snie.
In eintsje fierder it húske fan Ielkenielkje: pake en beppe fan memmenkant. Pake Ielke befielde my de fuotten en makke klompen alhiel op maat.
De Fabryksloane fan hjoed ropt wertinkens op- safolle, tefolle ynienen. Jo kinne samar fersûpe yn’t ferline.
Joop Boomsma
|
| |