Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
26 mei om 17:22
 
Aggie van der Meer






Wachtsje op it daagjen, gedichten fan Aggie van der Meer. Utjouwerij Frysk en Frij, 2004


In tún mei hop en hinnen


Ik hoech oars net as in tún mei hop en hinnen,
út en troch wat winter of it Noarderljocht;i
it binne net de dingen dêr’t it lân om freget.

De fretten letters binne de ferkearden,
se waakse út ûntwijde grûn
ferkrachtsje de mem fan ’e ferlerne striid.

Ik hear net praten oer de skriezen, barsten
yn it glês, it bloed gearrûn op myn fingers.
Se sjogge nei de fammen ivich jong en moai,

Ik wit hoe ’t de dea rukt, swietich, rotsjend,
hoe ’t de rook bedjert fan bêdstrie, huzet
yn ’e eagen fan bern, op ’e mûle fan ’e leafste.



Aggie van der Meer