| |
 |
14 mei om 11:09 |
| |
Lida Dykstra

Frou úle, gedichten fan Lida Dykstra, Utjouwerij Frysk en Frij, 2000
Frou ûle
Frou ûle weeft har klaad Dwers troch de skimerjûn hat se sparkels stjerreljocht betûft ta banen bûn.
Har mantel slacht se om. Sa is de dei ferrûn. Frou ûle fielt har krêft, ûntstiicht de waarme grûn.
Sy wit wat ierde skinkt, wa't foar it lykwicht bliedt, hoe't alles waakst en bloeit en op syn tiid fergiet.
En klimt de sinne skier - ferrekte nije moarn - falt manteling ta stof, sjit sy har skelk wer oan.
Lida Dykstra
|
| |