Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
10 mei om 17:39
 
Belofte maakt skuld...

Sloege soe ek mar hy stoar earder! Fanou 7 mei elke dach un Frystalech fers op dizze site beloofde ik. Ut is ondertussen 10 mei mar nòch gyn Frystalech fers sien. Mea Culpa. Ik begin nou, met un titelfers út de bundel Neigeraden it Noarden fan Eppie Dam.





NEIGERADEN IT NOARDEN- De Oare útjouwerij Eanske 2004



Neigeraden it noarden


Neigeraden it noarden wint de taal oan
ûntkenning en promket yn lippetsjinst
oan it hillich net-neamen de mûle yn n-en.
Neigeraden it noarden krimpe de wurden
en rêde har nauwerneed út it neakene
strôtgat de stribbige fonemen fan de begearte.
Neigeraden it noarden klinke nasaler de nammen
en swije om'e leave frede de nachten, offere
op it alter fan'e tonge it hert.
Neigeraden it noarden lûkt it bloed
nei de einder en nadert it eachweid
it each, fan nimmenslân de stille nomade.
Neigeraden it noarden komt in fûgel werom
fan syn flecht, bespegelt in man
syn ferline en stapt út syn skaad wei
syn natuer yn'e mjitte, neigeraden
it noarden fierder fan syn doel
en tichter by syn bestimming.