| |
 |
18 jannewary om 17:04 |
| |
Ut wurdt wear tyd foar de poëzy!

Na al ut gehalleluja over de Groate Stad Mokum, fandaach mar wear us un bitsje andacht foar de poëzy. Frijdach anstaande sal de fersamelbundel fan Steven Hotse Pieter de Jong ferskine. Un Frysk & Frij feestje weard. Ik hew un útnoadeging kregen, mar ik gaan der om un persoanleke reden ( binne der ok onpersoanleke redenen ? ) nyt naar toe. Dat nimt nyt wech dat ik un liefhewwer bin fan Steven de Jong syn poëzy. Even gyn nocht om nou hier krekt allemaal út te lêgen wêrom’t ik De Jong syn poëzy su wardear. At je un lekkere bonbon opeten hewwe, hoeve je ok nyt altyd te analisearen wêrom’t de sjokolade su hearlek fine. Ik maakt simpelwech even reklame foar Steven de Jong syn moaie fersamelbundel. Op’e site fan Frysk & Frij staat ut folgende over de bundel te lezen:
Steven de Jong (* Ljouwert 1935) waard bekend as Frysk dichter, prozaïst en skriuwer fan boeken as De maagd fan Babylon (1980), In spylman op it binnenpaad (1999) en Swarte egen (2001). Yn 1992 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman De Wuttelhaven del (1989). Yn de bondel En de inket sil útrinne is neist earder publisearre wurk út syn seis dichtbondels, allyksa poëzij opnommen dy't net earder ferskynde ûnder it skift Sturtswylje.
De sammelbondel befettet mear as twahûndert fersen, uteraard ynklusyf de eksperimintele poëzij út De Jong syn quatrebras-tiid, it literêr tydskrift dêr't er redakteur fan wie. De Jong seach fernijing yn dadaïsme en neorealisme.
De Jong wie learaar Nederlâns te Ljouwert, wenne yn Gytsjerk en ferfear yn 2008 nei Burgum. Achteryn de bondel En de inket sil útrinne is in CD tafoege mei sânentweintich fersen dy't Steven de Jong lêst, earder opnommen en útstjoerd yn it ramt fan Operaesje Fers.
De samle fersen ferskine yn de rige Frysk en Frij Klassyk dêr't ûnder oaren earder yn útkaam wurk fan Gysbert Japiks, Douwe Hermans Kiestra, Obe Postma, Douwe Tamminga, de samle fersen fan Tsjits Peanstra en Tiny Mulder.
|
| |