Dagboek desember 2010Bekiek hele maand 
 
23 desember om 12:20
 

Fandaach en mòrren nòch…






Dan gaan de gemeentehúzen fan de fijf ousonderleke gemeenten in SWF dicht en is ut met de selfstandechhyd deen. In Wymbrits, se wete dêr beslist wat feestfieren is, sach ut personeel tegare met Piter Wilkens teruch op’e ‘ goeie ouwe tiid ’. Oulopen dinsdach wurdde der met de singer/songwriter un heuse CD opnommen. Hieronder ut ouskeidliet fan de Wymbritsers:


Ofskiedsliet fan Wymbritseradiel

Do bliuwst my altyd by, myn Wymbritseradiel
ek al geane wy no op yn in grutter gehiel
weemoedich sjoch’k werom op in moaie tiid
mar it makket my ek grutsk, krigel en bliid

Wêr stienen sy sa noed foar ús Fryske taal
en gie der ea in lift mei’t bestjoer oan’e haal
wie alles like eigen, fertroud en tichtby
is boargemaster brêgewipper ek al hat er frij

Refrein

Us reis mei dy, Wymbrits, is noch lang net oer
wy begjinne no mei dy in nij aventoer
dyn namme klinkt no oars, mar like fol fan rom
en ek yn dit nij ferbân fynst dyn aard werom

By de sintrale baly fan’t gemeentehûs
barde altyd wol wat, ferhalen by de rûs
en wa wûn ea in priis foar har freonlikheid?
ja, do waardst dêr altyd holpen, dat is in feit

Ik wit noch goed fan Guus, ús gemeentehûn
dy hie op kommunikaasje syn plakje fûn
soks is apart, hjir is’t gewoan
hy waard sels troch de froulju noch bot bedoarn

Refrein:

Us reis mei dy, Wymbrits, is noch lang net oer
wy begjinne no mei dy in nij aventoer
dyn namme klinkt no oars, mar like fol fan rom
en ek yn dit nij ferbân fynst dyn aard werom


Wêr is it lân sa wiid en de lju sa mei-inoar ien
wêr is de loft sa blau en it gers sa grien
der is gjin streek yn Fryslân dêr’t ik mear fan h’t ik mear fan hâld
dit is foar my it moaiste hoekje fan de wrâld

Refrein

Us reis mei dy, Wymbrits, is noch lang net oer
wy begjinne no mei dy in nij aventoer
dyn namme klinkt no oars, mar like fol fan rom
en ek yn dit nij ferbân fynst dyn aard werom