| |
 |
4 november om 18:08 |
| |
Tiny Mulder ferstoarn

Sa niis krige ik berjocht dat fannemiddei de dichteres Tiny Mulder ferstoarn is nei in slimme sykte. Tiny waard op 2 april 1921 berne yn Beetstersweach. Yn’e Twadde Weareldoarloch wie sij fersetsfrou. Tiny Mulder krige û.o. de Medal of Freedom ûnderskieding mei Silver Palm yn 1946 fan de Amearikaanse regearing. As sjoernaliste by it Friesch Dagblad skreau Mulder û.o. prima resinsjes. Foar al har literêr wurk krige Tiny Mulder yn 1986 de Gysbert Japikspriis. In hiele bysûndere frou is net mear, gelokkich har wurk noch wol. Rêst yn frede.
|
| |