| |
 |
15 jannewary om 17:13 |
| |
Teater Snits

Toanielploech Teater Snits
Fanavend speult toneelgeselskap Teater Snits de earste fan de dry foarstellingen ‘It bêd fan A oant Sêd’in de Walrus. Gisteravend hew ik un halfuurke bij de laaste repetisy weest. Su’n toneelploech is un weareldsje op umself, dat fol overgave met su’n stuk bezech is. Wat mij gister f’ral opfiel was/is de rol fan regiseuze Sylvia Beintema. Dizze frou maakt har debút as regiseuze.

Sylvia Beintema: puntsjes op 'e i!
Ut was an niks te merken. Ik docht dat Beintema dit werk al jaren deed, su gedreven kwam sij over. De regiseuze sette gisteravend de toneelspeulers op skerp òf om har te sitearen “ ik wol noch eefkes wat detailkrityk jaan. ” En gyn één fan de speulers kwam met un wearwoard, sterker nòch se (h-) erkenden de krityk. Moai om dit fan dichtbij met te maken. Hier fòlgt ut persbericht fan ut stuk. Ik sú sêge net stinne mar hinne!
“ Teater Snits spilet tongersdei ( FANAVEND dus, hvdv ) , freed en sneon ( 15,16 en 17 jannewaris ) it stik ‘ It bêd fan A oant Sêd ' yn ‘ De Walrus ', yngong Lytse Tsjerkestrjitte. It stik, in blijspul yn 9 tafrielen fan Lode Pools yn in oersetting fan J.Visser - Popma, stiet ûnder rezjy fan Sylvia Beintema. - Yn alle sênes komt it publyk yn'e kunde mei twa minsken, dy't in stikje fan har libben mei jim diele. It stik spielet foar in grut part yn't selde dekor, en hieltyd stiet der in bêd, mar troch lytse feroaringen binne jim hieltyd op in oar plak. Moetsje bygelyks Bert en Martsje. Twa minsken dy't in skoft lyn besletten ha dat it bêd it bêste plak is om te wêzen. Binne sy it begjin fan in rest-rage yn't lân? Lústerje nei it ferhaal fan in heit dy't syn dochter op in frjemd plak tsjinkomt. En wat soe mem dêr wol net fan sizze? En wat te tinken fan Kristine en Boukje, twa froulju , wêr't dan noch in treddenien by yn't spul is. Jan is bliid mei syn tinnen panne, mar soe hy ek sa bliid wêze kinne mei in nije hobby? En wa hat yn Daddy's Hobby no wa te fiter. Oanfang fan de toanieljûnen: 20.00 oere.”

Regiseuze Sylvia Beintema geeft de laaste anwizings. |
| |