Dagboek augustus 2007Bekiek hele maand 
 
25 augustus om 13:32
  Foardat ik ut goëd en wel in de gaten hew, binne we in de laaste week fan augustus 2007 ankommen. Nee, dêr wurd ik beslist nyt mankelyk fan òf suks. Dizze somer was mij goed genoech. Nyt in ut laaste plak deur alle Sneker Simmer-aktiviteiten, met dank an Ben & Jojanneke. Mòrrenmiddach al wear ut laaste Sundachmiddachmatinee, diskear met Arco Baleno. Folgende week de absolúte útsmiter 24 uur kultuer in Sneek, de klok in ut rond fan frijdach t/m saterdach. Jaja, ik hew ok myn bijdrage in un onderdeel toeseid, jim leze de folgende week wel welke rol. Wie an Sneek nyt genoech het, kan mòrrenmiddach ok naar Oasthem. Dêr wurdt deur wethouwer Andries Ekhart in galery Oasthem an ut Hernepaed 4 de tentoanstelling fan fader en dochter Johannes en Nynke Terpstra opent.





Werk fan Johannes Terpstra

Dat de maanden met de Errrrrrrrrr foar de deur staan falt nyt allienech an ut antal spinnen en de someravenddampen op te maken, mar ok an ut antal boeken dat hier bij mij op de kokòsmat ploft, met ut fersoek dy mar su gau mooglek te resênsearen. Fanmòrren al wear twee. Ik bin der wiis met! Hier alfast de infòrmasy in ut kort.

Flessepost

Soms is it in kaartsje fan in lyts bern. Soms de bemanningslist fan in Amerikaansk oarlochsskip. Deflessepostbrieven dy’t Leendert Ferwerda út Sint Anne by it waad fûn hat, krije no in ferfolch. Njoggentjin fan de bêste en bekendste moderne Fryske skriuwers hawwe elk in reaksje skreaun op in flessepostbrief. Brieven en reaksjes binne hjir byinoar brocht.

Diverse bekende auteurs:
- Aggie van der Meer
- Jetske Bilker
- Irene Bal
- Neeltje Bonnema
- Albertina Soepboer
- Koos Tiemersma
- Grytsje schaaf
- Riek landman
- Greet Andringa
- Hylke Tromp
- Hidde Boersma
- Marga Claus
- Piter Boersma
- Willem schoorstra
- Willem verf
- Elmar Kuiper
- Durk van der Ploeg
-Nyk de Vries





Flessepost


Motorman Nyk de Vries

Al jierren treedt Nyk de Vries op mei syn proazagedichten. Syn foardrachten binne altyd in grut súkses. De proazagedichten binne útbalansearre ‘ferhaaltsjes’: oer minsken dy’t ynienen yn in absurde sitewaasje telâne komme. Fleurich synisme hat de boppetoan en de fersen dogge bytiden surrealistysk oan. Dit wurk ropt oantinkens op oan de film noir en de Californian Classics.





Nyk de Vries syn nijste!

Su nou as de bliksem naar ut Súdersportpark om te foetballen met Ut Sesde, dêrna wacht Swinging Sneek…