Dagboek juny 2004Bekiek hele maand 
 
2 juny om 21:46
  Fanavend un groat interview skreven over Anne Oosterhaven en de Bogerman Bigband. Beiden út Sneek. Interview komt in de Moanne/Trowaer.
As foarproefke fan dit interview de titelsong fan de CD/DVD dy't de twintech jarege Bigband op de merk brocht het:


Funk’n de Blues

Kûpletten:

18 jierren lang kaam ik alle dagen thús
foar it iten en it drinken en de wask en it bêd
18 lange jierren stie ús mem altyd klear
mei koekjes en mei té, man ik bin dat sa sêd

18 jierren lang kriig’ ik altyd op’e kop
want myn broer wie altyd sterker en hy narre altyd
18 lange jierren hie ik dreamen by de rûs
oer sjongen yn in band, hoe ferlit ik dit hûs….

18 jierren lang joech ik altyd wer beliis
by it keapjen fan myn broeken myn muzyk wie te lûd
18 lange jierren wie ús heit hjir de baas
hy wist it altyd better, dus ik smeer ‘em noch hjoed….


refrein:
Mem wer is heit, ik sil him wat fertelle
Lit him raze, lit him flokke, lit him tiere, lit him skelle
Heit wer is mem, oh ik haatsje dit hûs
Einlings bin ik 18 en no funk ik de blues……

Instrumentaal + solo

18 jierren lang, mar ik kom no net wer thús
foar it iten en it drinken en de wask en it bêd
18 lange jierren en ús mem bin’k mei klear
gjin koekjes en gjin té, en nea betiid op bêd.

18 jierren lang, mar ik jou nea wer beliis
by it keapjen fan myn broeken, myn muzyk altyd lûd
18 lange jierren, ús heit net mear de baas
ik wit it no wol better, dus ik smeer ‘em noch hjoed….

refrein:
Mem wer is heit, ik sil him wat fertelle
Lit him raze, lit him flokke, lit him tiere, lit him skelle
Heit wer is mem, oh ik haatsje dit hûs
Einlings bin ik 18 en no funk ik de blues……

Instrumentaal

Bridge:
Einlings bin ik frij, doch de dingen dy’t ik wol
I8 lange jierren in ferskrikkelikke sûs
Einlings bin ik frij, gjin gezeur oan’e kop
Ik ferlit dit hûs, en ik funk no de blues


Janneke Brakels, un dochter fan oud-Sneker Peter, singt ut nummer formidabel, seit Anne Oosterhaven. En ik loof um, want ik hew Janneke un paar kear 'life'(= in ut echt) singen hoard: top!!