Dagboek juny 2021Bekiek hele maand 
 
30 juny om 18:22
 
Nije bondel Edwin de Groot op'e kokosmat





Yn Noas tsjin ‘t glês sjocht de dichter: nei bûten, nei binnen, nei himsels en somtiden sjocht hy ek neat. De bondel set útein mei it gedicht ‘Oanreitsje’:

de wrâld hoecht net ûnbekladde, in bytsje goed fallend

soe al noflik wêze en troaikjend

ast him oanreitsje kinst

Edwin de Groot ferstiet de keunst om alderhande ûnderwerpen dy’t op syn wei komme yn bysûndere taal om te setten. Dat kinne persoanlike tema’s wêze, lykas it ferstjerren fan in broer dy’t ‘as yn in Ingelske wals (…) / út doarp en sicht ferdwynt’, mar ek maatskipklilke ûntjouwingen.

Alles sil op in stuit ferdwine, dat is wol wis, mar ûnferskilligens hoecht gjin rom paad.

Author : Edwin de Groot
ISBN : 9789493159655
New label : 1
Pages : 79
Language : Frysk
Publisher : Afûk
Format : Softcover
Kategory: Dichtbondels, Fryske boeken, Romans en literatuer.