Dagboek september 2006Bekiek hele maand 
 
25 september om 17:08
  Hoe komt ut nije Sentrum foar de Keunsten Sneek/Wymbrits der út te sien? De koegel is blykber deur de kerk ( ! ). Want der komme mar liefst fijf ferskillende presentasybijéénkomsten dêr't de plannen útleid wurde salle. Fandaach en mòrren foar de gemeenteraden fan Sneek en Wymbritseradiel. Woënsdachmiddach un presentasy foar de pers. Woënsdachavens foar de omwoanenden en op donderdachavend nòch us un 'speciale bijeenkomst met diverse organisaties en instellingen op cultureel gebied en andere belanghebbenden.' Ik hoar blykber bij de laaste groep, want de briëf dêr't ik dizze infòrmasy úthaal is an mij persoanlek richten. Ik mach donderdach del komme. Free lance sjoernalisten hoare dus nyt bij de pers, teminsten in de optyk fan de gemeente Sneek. At ut nije Centrum inderdaad in ut ouwe pòstkantoar komt ( en dat komt ut ), dan bin ik benijd wêrom't de bewoaners fan de Julianastraat gyn útnoadeging kregen hewwe. Wêr leit de grêns fan omwoanenden? Ondertussen bin ik ferrekte benijd òf de Noarderkerk ok bij de plannen betrokken wurde sal. Oulopen Sneekweek hew ik fan un Kerkgrachtbewoaner al hoard dat de kerk seker onderdeel útmake sal fan ut CvdK!!
Dat der dizze somer begonnen wurde sal met de bou fan de appartementen ( su as nòch altyd op un ankondeging bij Makelaardij Sneek foar de rúten hangt ), is in elk gefal nyt waar. Want ut is ondertussen herst en de bou is nòch nyt begonnen. De oubraak wel. Fan de moaie glas-in-load-rútsjes, dêr't ut besaaid met leit, hew ik mar un antal skerven metnommen. As relikwy.